Rjochts de Samaritaanske frou mei in amer yn 'e hân, yn 'e midden is de welle mei in tou om in katrol wêr't twa amers oan hingje. Oan de oare kant stiet Jezus, yn 't petear mei de frou.
Rjochts de Samaritaanske frou mei in amer yn 'e hân, yn 'e midden is de welle mei in tou om in katrol wêr't twa amers oan hingje. Oan de oare kant stiet Jezus, yn 't petear mei de frou. Jan Bos

Part 2: Libben wetter

Yn 1881 waard by de restauraasje fan de tsjerketoer fan Wier – in doarp noard-westelik fan Ljouwert – in prachtich doopfet fûn. Op dit stiennen doopfet steane fjouwer ôfbyldingen. Twa dêr fan binne bibelske tafrielen. Wierskynlik is it just dêrom, dat dit doopfet ea út de tsjerke fan Wier weihelle waard, want ôfbyldingen, “sniene bylden”, út de Katolike tiid fûnen nei 1580 mar selden genede yn it Calvinistisk wurden Fryslân. De kommende tiid sil der oer alle fjouwer bylden fan it doopfet in koart ferhaal ferskine.Dit is it twadde part: Libben wetter.

De evangelist Johannes fertelt dat Jezus mear learlingen kriget as Johannes de Doper en dat syn learlingen ek mear minsken dope as Johannes (Evangeelje sa ‘t Johannes it beskreaun hat 4:1 -30). Dernei reizget Jezus troch nei de kriten fan Samaria en komt út by de welle fan Jakob. Dit stiet op it doopfet fan Wier ôfbylde, krekt as op it doopfet fan Bingum: rjochts stiet de Samaritaanske frou mei in amer yn ’e hân, yn ’e midden is de welle mei in tou om in katrol wêr ’t twa amers oan hingje. Oan de oare kant stiet Jezus, yn ’t petear mei de frou.


It is in bisûnder petear tusken dy twa; ûngewoan omdat in Joad ornaris net mei in Samaritaan praat, ûngewoan omdat it liket oft dy twa by inoar lâns prate en ûngewoan omdat it petear tagelyk dochs yntym is.

De welle hjit de welle fan Jakob, in wetterput, dy ’t stamfaar Jakob jûn hat, wêr’t tichteby syn leave soan Joazef begroeven leit, dus in âlde, hillige welle. Út dizze welle hat stamfaar Jakob sels dronken en in hiele protte minsken nei him op ’e nij. En út dizze welle wol Jezus no drinke en Hy freget de Samaritaanske frou om wetter nei boppen te heljen. Gewoan wetter.

‘Elk dy ’t fan dit wetter drinkt sil wer toarst krije,‘ sei Jezus, ‘mar elk dy ’t fan it wetter drinkt dat Ik him jaan sil, sil yn der ivichheit gjin toarst wer krije; nee, it wetter dat Ik him jaan sil, sil in wetterwelle wurde, dy ’t yn him opwâlet om der ivich fan te libjen.’

De frou wol wetter jaan; tsjin alle regels en gewoanten fan har tiid yn. Jezus wol libben wetter jaan, oan in frou, oan in frou út Samaria, oan in frou dy ’t tegearre libbet mei har sechste man: libben wetter foar dizze Samaritaanske frou. Jezus giet hjir tsjin alle regels en gewoanten fan syn tiid yn. Wetter dat sels in bron wurdt yn in minske, wetter dat ivich libben jowt. Krekt nei dat wetter wurdt ferwiisd op it doopfet fan Wier.



Op de boppeste foto it tafriel op it doopfet fan Wier, op de ûnderste itselde ferhaal op it doopfet fan Bingum. Foto's: Jan Bos

It tafriel fan Libben wetter op it doopfet fan Bingum