
It doopfet fan Wier (2): Libben wetter
AchtergrondYn 1881 waard by de restauraasje fan de tsjerketoer fan Wier – in doarp noard-westelik fan Ljouwert – in prachtich doopfet fûn. Op dit stiennen doopfet steane fjouwer ôfbyldingen. Twa dêr fan binne bibelske tafrielen. Wierskynlik is it just dêrom, dat dit doopfet ea út de tsjerke fan Wier weihelle waard, want ôfbyldingen, “sniene bylden”, út de Katolike tiid fûnen nei 1580 mar selden genede yn it Calvinistisk wurden Fryslân. De kommende tiid sil der oer alle fjouwer bylden fan it doopfet in koart ferhaal ferskine. Dit is it twadde part: Libben wetter.
troch Tonko Ufkes, oersetting Cor Hofstra
De evangelist Johannes fertelt dat Jezus mear learlingen kriget as Johannes de Doper en dat syn learlingen ek mear minsken dope as Johannes (Evangeelje sa ‘t Johannes it beskreaun hat 4:1 -30). Dernei reizget Jezus troch nei de kriten fan Samaria en komt út by de welle fan Jakob. Dit stiet op it doopfet fan Wier ôfbylde, krekt as op it doopfet fan Bingum: rjochts stiet de Samaritaanske frou mei in amer yn ’e hân, yn ’e midden is de welle mei in tou om in katrol wêr ’t twa amers oan hingje. Oan de oare kant stiet Jezus, yn ’t petear mei de frou.