
It doopfet fan Wier (3): Doop en seine
Yn 1881 waard by de restauraasje fan de tsjerketoer fan Wier in prachtich doopfet fûn. Op dit stiennen doopfet steane fjouwer ôfbyldingen. Twa dêr fan binne bibelske tafrielen. Wierskynlik is it just dêrom, dat dit doopfet ea út de tsjerke fan Wier weihelle waard, want ôfbyldingen, 'sniene bylden', út de Katolike tiid fûnen nei 1580 mar selden genede yn it Calvinistysk wurden Fryslân. Geandewei bringt oer oer alle fjouwer bylden fan it doopfet in koart ferhaal. Dit is it tredde part: Doop en seine.
Op dit byld sjogge wy twa persoanen, mar it is net hielendal dúdlik wêr ’t dizze foarstelling nei ferwiist. De earste twa finsters op it doopfet - de doop fan Jezus troch Johannes en it petear fan Jezus mei de Samaritaanske frou by de welle fan Jakob - lykje wol op plaatsjes út de bernebibel by twa bekende ferhalen út it Nije Testamint: ferhalen om doop en libben wetter hinne, ferhalen dus oer in nij begjin.
Ek yn it folgjende byld komt dat werom, want ek dat fjirde finster past wer prachtich op in doopfet. Dit tredde byld kin faaks wol hjitte: Doop en seine. Yn dit finster sjogge wy twa persoanen; de linker figuer liket op in frou. Sij is in bytsje lytser as de rjochter figuer en ek de klean soene fan in frou wêze kinne.
Rjochts stiet in man, mooglik in pryster of in oare geastlike: hy hat syn rjochterhân seinigjend op har holle en mei syn linkerhân hâldt hy har (spitichernôch ôfbrutsen) rjochterhân fêst. It hiele tafriel, dizze hanneling, liket op in folwoeksendoop. Of foar ús minsken út 2025 liket it faaks mear op it ynseinigjen fan in âlderling, in diaken of in dûmny. Mar krekt om ’t de ôfbylding hjirnei dúdlik ferwiist nei de bernedoop, soe it ek gean kinne om de grutdoop as in soarte fan ynseiniging.
Folwoeksendoop
Oer de folwoeksendoop lêze wy in oantal kearen yn it Nije Testamint, bgl. yn it bibelboek: ‘de Hannelingen fan ‘e apostels.’ De bekendste fertelling fan sa’n grutdoop beskriuwt hoe ’t in hege Etiopische amtner troch de apostel Filippus doopt wurdt [Hann. 8: 26-40]. Dat bart troch it ûnderdompeljen yn wetter, lyk as by it ferhaal fan Johannes de Doper. It falt op, dat de Etiopiër sels oan Filippus freget: “Werom soe ik net doopte wurde kinne?”
By in folgjende fertelling om de grutdoop hinne sjogge wy ek sokssawat: de Romeinske kaptein Cornelius mei doopt wurde [Hann. 10]. En yn it haadstik dernei [Hann. 11: 1-18] wurdt wiidweidich útlein dat de doop net allinne ornearre is foar de leauwigen út it âlde folk, mar dat elkenien de kans kriget ‘om ta ynkear te kommen en it nije libben te ûntfangen.’
Op it doopfet fan Wier liket it wol oft it in folwoeksen frou is, dy ’t doopt wurdt of op in oare wize ynseinige wurdt. En dizze folwoeksen frou is dan grif in ferwizing nei de allerearste Europeaan dy ’t doopt waard: dat wie Lydia, de poarperferkeapster, dy ’t God al fereare. 'De Hear brocht har der ta om mei ynmoed nei Paulus syn wurden te harkjen’ [Hann.16: 14].
Dat it ritueel op it doopfet fan Wier in protte liket op in hjoeddeiske ynsegening, hat der grif mei te meitsjen dat yn de katolike tradysje fan it leauwen [en letter ek yn de Lutherske en Calvinistyske tradysje] de grutdoop hast net mear foarkomt. Faaks is derom keazen foar it byld fan it hânoplizzen as in soarte fan eigentydse oarm fan de grutdoop lyk as dy beskreaun is yn it Nije Testamint.
Oersetting: Cor Hofstra Foto: Jan Bos