
It doopfet fan Wier (3): Doop en seine
AchtergrondYn 1881 waard by de restauraasje fan de tsjerketoer fan Wier in prachtich doopfet fûn. Op dit stiennen doopfet steane fjouwer ôfbyldingen. Twa dêr fan binne bibelske tafrielen. Wierskynlik is it just dêrom, dat dit doopfet ea út de tsjerke fan Wier weihelle waard, want ôfbyldingen, ‘sniene bylden’, út de Katolike tiid fûnen nei 1580 mar selden genede yn it Calvinistysk wurden Fryslân. Geandewei bringt oer oer alle fjouwer bylden fan it doopfet in koart ferhaal. Dit is it tredde part: Doop en seine.
troch Tonko Ufkes, oersetting Cor Hofstra
Op dit byld sjogge wy twa persoanen, mar it is net hielendal dúdlik wêr ’t dizze foarstelling nei ferwiist. De earste twa finsters op it doopfet - de doop fan Jezus troch Johannes en it petear fan Jezus mei de Samaritaanske frou by de welle fan Jakob - lykje wol op plaatsjes út de bernebibel by twa bekende ferhalen út it Nije Testamint: ferhalen om doop en libben wetter hinne, ferhalen dus oer in nij begjin.
Ek yn it folgjende byld komt dat werom, want ek dat fjirde finster past wer prachtich op in doopfet. Dit tredde byld kin faaks wol hjitte: Doop en seine. Yn dit finster sjogge wy twa persoanen; de linker figuer liket op in frou. Sij is in bytsje lytser as de rjochter figuer en ek de k..