
Húshimmelje | Kollum Tettie Stiemsma
PersoonlijkFan wa’t ik it echte himmeljen leard ha? Net fan ús mem. Dy sei altyd: ‘Jimme moatte mar húswurk meitsje.’
It húshimmeljen haw ik fan skoanmem leard. Dy wenne tichteby yn itselde doarp en sei: ‘Foar de peaske moat it hûs skjin wêze.’ - ‘O, dat wist ik net.’
It skeelde dat ik beukerjuf wie. Yn de foarjiersfakânsje frij en dan diene we alle dagen in fertrek. Dat waard mei ferrin tiid wol minder; ik fûn it minder wichtich. Mei in grutte húshâlding ek in hiele útdaging. Mar dochs, as it foarjier wurdt doch ik ekstra dingen. Wat ik wól fan ús mem leard ha is it ‘hoekje-himmeljen’. Net de hiele brot oer de kop mar hoekje foar hoekje.
Der wiene lykwols mear ferskillen tusken de beide memmen. Us mem learde ús: ‘Foardatst wat seist, waach de wurden op in gouden skaaltsje.’ Skoanmem sei hiel faak as se der wer wat útflapt hie: ‘Heer zet een wacht voor ..