
It doopfet fan Wier (4): Doop as nij ferbûn
AchtergrondYn 1881 waard by de restauraasje fan de tsjerketoer fan Wier in prachtich doopfet fûn. Op dit stiennen doopfet steane fjouwer ôfbyldingen. Twa dêr fan binne bibelske tafrielen. Wierskynlik is it just dêrom, dat dit doopfet ea út de tsjerke fan Wier weihelle waard, want ôfbyldingen, ‘sniene bylden’, út de Katolike tiid fûnen nei 1580 mar selden genede yn it Calvinistysk wurden Fryslân. De ôfrûne tiid is der oer trije bylden fan it doopfet in koart ferhaal ferskynd. Dit is it fierde en lêste part: Doop as nij ferbûn
troch Tonko Ufkes
Yn dit finster sjogge wy in man njonken in doopfet stean; syn klean en syn hiele hâlding lykje op dy fan in sechtjinde ieuske pryster. Hy stiet njonken in doopfet, in grut, midsieusk stiennen doopfet lyk as wy dat kinne fan in oantal tsjerken (bgl. Bûtenpost, Easterwâlde en Jellum). It is in pryster en it liket wol as dat hy útnoeget ta de doop.
It finster mei de pryster en it doopfet folget op de ôfbylding rûnom de folwoeksendoop en de ynseiniging kin samar wize op in útnoeging ta de bernedoop. Yn in grut doopfet sa ’t dat yn dit finster te sjen is - krekt as yn it doopfet fan Wier - waard in nijberne troch ûnderdompeljen doopt.