Tettie Stiemsma
Tettie Stiemsma Tettie Stiemsma

Húshimmelje

Fan wa't ik it echte himmeljen leard ha? Net fan ús mem. Dy sei altyd: 'Jimme moatte mar húswurk meitsje.' 

It húshimmeljen haw ik fan skoanmem leard. Dy wenne tichteby yn itselde doarp en sei: 'Foar de peaske moat it hûs skjin wêze.' - 'O, dat wist ik net.' 

It skeelde dat ik beukerjuf wie. Yn de foarjiersfakânsje frij en dan diene we alle dagen in fertrek. Dat waard mei ferrin tiid wol minder; ik fûn it minder wichtich. Mei in grutte húshâlding ek in hiele útdaging. Mar dochs, as it foarjier wurdt doch ik ekstra dingen. Wat ik wól fan ús mem leard ha is it 'hoekje-himmeljen'. Net de hiele brot oer de kop mar hoekje foar hoekje. 

Der wiene lykwols mear ferskillen tusken de beide memmen. Us mem learde ús: 'Foardatst wat seist, waach de wurden op in gouden skaaltsje.' Skoanmem sei hiel faak as se der wer wat útflapt hie: 'Heer zet een wacht voor mijne lippen.' No't se der beide net mear binne wurde soksoarte útspraken gauris oanhelle. 

Ek yn dizze tiid fan himmeljen tink ik faak oan skoanmem, dy't by my op it oanrjocht stie mei in âlde ôfwaskkwast en sa de kezinen fan de keukensruten skjinmakke. En oer de keuken sprutsen: wat koe se lekker itensiede! 

Us mem hie wer oare talinten. Kreatyf wêze, út in âlde jas fan har ien foar ús meitsje. Net dat ik der doe sa wiis mei, wie mar ik wurdearje it no ôfgryslik dat we sa grut wurden binne. 

'Zuinigheid met vlijt bouwt huizen als kastelen', ek sa'n karakteristike útspraak fan mem. Sunich bin ik wol, lykwols foaral op dingen dy't soms better fuort kinne. Altyd tink ik: miskien komt it nochris fan pas. En fan dingen dy't emosjonele wearde ha kin ik alhiel gjin ôfstân dwaan... As sussen hawwe we faak sein: 'Tút derop en fuort', as we wer wat fan heit en mem fuortdwaan moasten. 'Verzamel u geen schatten op aarde.' Ik haw it noch altyd net yn 'e macht...


'Foar de peaske moat it hûs skjin wêze'