
In bysûnder doksaal
In byld fan de skepping fan Eva út in ribbe, de bou fan de toer fan Babel, de berte yn de stâl fan Bethlehem, mar ek de moard op Amasa en noch ris fjirtjin oare Bibelferhalen binne hast al 500 jier te sjen yn in Fryske doarpstsjerke. Dizze bisûndere ôfbyldingen binne om 1550 hinne makke en se binne der noch altyd. En dat is grif krekt sa bisûnder.
Midden yn Easterein, in wat fergetten doarpke tichteby Boalsert, stiet in grutte midsiuwske tsjerke, de Martinitsjerke. En sawat yn ‘e midden fan dizze tsjerke stiet in tige grut doksaal; suver as in poarte dielt dit doksaal de tsjerke yn twa parten: it koar en it skip fan de tsjerke. Op himsels is in doksaal net unyk, bygelyks yn de Mariatsjerke fan it Grinzer doarpke Krewerd stiet it stokâlde oargel op in doksaal. Dochs is sa ’n ymposant bouwurk as yn de tsjerke fan Easterein tige spesjaal.
De doksaal
Oarspronklik is in doksaal in skieding tusken it koar en it skip fan de tsjerke. It koar is de hillige romte wêr ’t it alter stiet en wêr ’t de pryster de mis opdraacht. It skip is de romte wêr ’t de gemeente de tsinst meimakket. Meastentiids is sa ’n skieding tusken beide parten fan de tsjerke in opsierde hikke, mar somtiden wie sa ’n koarhikke ien fan de wichtigste eleminten fan it hiele ynterieur fan de tsjerke. Sa is it dus yn Easterein.
Yn 1551 moast de tsjerke restaurearre wurde en dêrnei krige in keunstner út Antwerpen de opdracht om in doksaal te ûntwerpen. In pear jier letter, yn 1554, wie it komplete bouwurk al klear. Dit doksaal is net fan stien mar fan hout makke, dat is grif dien om ’t hout goedkeaper is en folle makliker te bewurkjen is as (natuer)stien. En krekt dat lêste wie wichtig, want it doksaal stiet fol mei allerhande prachtich houtsnijwurk.
Bibelske ferhalen
Op it doksaal binne achttjin bibelske ferhalen ôfbylde. Der binne njoggen te sjen út it koar wei en njoggen út it skip fan de tsjerke wei. En op ‘e nij fertelle se in ferhaal, in lestich ferhaal, dat oan de iene kant te meitsjen hat mei sûnde en dea en oan de oare kant mei libben en opnij berne wurde. In ferhaal oer deugden en libbenswizen, in ferhaal oer goed en kwea en dêr troch somtiden in lestiger te begripen ferhaal.
Dochs, om ’t it ‘allegearre bijinoar’ past by de jierren om 1550 hinne en om ’t wy libje yn 2026 – dus hast 500 jier letter – is foar de rige Bibelske bylden yn Easterein keazen om it ferbân fan de bylden meiinoar hielendal los te litten. Wy witte net iens wa ’t ea dit ferbân betocht hat en dêr bypassende bibelske ferhalen by socht hat. Ek witte wy net hokker foarbylden de keunstner brûkt hat, faaks hat er de bylden sels ûnwurpen.
Ek derom is besletten om de achttjin bylden gewoan stik foar stik te besjen en dus net yn de folchoarder sa ’t se op it doksaal steane, mar sa ’t se yn ‘e Bibel steane. Dat slút better by ús oan; wy minsken fan no, dy ’t net grut wurden binne by de katolike tradysje fan it leauwen. Nammers de bibelteksten ûnder de bylden binne net orizjineel, mar letter pas oanbrocht, nei de katolike tiid. Faaks omdat it bedoelde ferbân tusken de bylden net mear dúdlik wie of dat men fûn dat it út de tiid wie.
De mijitten
Op it doksaal steane dus achttjin bylden, kleurrike foarstellings fan 45 sintimeter lang en 12 sintimeter heech. Dizze platen binne heech boppe de grûn befêstige en dêrtroch mar mei muoite goed te sjen en te tsjutten. Derom wurde se hjir yn folle gloarje sichtber foar de lêzers fan Geandewei.
Oer de gearhing tusken de achttjin Bibelske ôfbieldings en oer folle mear giet it boek: Een heiligdom binnenstebuiten gekeerd. Geschiedenis van de Martinikerk te Easterein, skreaun en útjûn troch de koster fan de Martinitsjerke, André C. Vink
Deze artikelenserie is op www.geandewei.nl ook in het Nederlands te volgen