Doksaal Easterein
Doksaal Easterein Jan Bos

In bysûnder doksaal

Achtergrond

In byld fan de skepping fan Eva út in ribbe, de bou fan de toer fan Babel, de berte yn de stâl fan Bethlehem, mar ek de moard op Amasa en noch ris fjirtjin oare Bibelferhalen binne hast al 500 jier te sjen yn in Fryske doarpstsjerke. Dizze bisûndere ôfbyldingen binne om 1550 hinne makke en se binne der noch altyd. En dat is grif krekt sa bisûnder.

troch Tonko Ufkes, oersetting Cor Hofstra 

Midden yn Easterein, in wat fergetten doarpke tichteby Boalsert, stiet in grutte midsiuwske tsjerke, de Martinitsjerke. En sawat yn ‘e midden fan dizze tsjerke stiet in tige grut doksaal; suver as in poarte dielt dit doksaal de tsjerke yn twa parten: it koar en it skip fan de tsjerke. Op himsels is in doksaal net unyk, bygelyks yn de Mariatsjerke fan it Grinzer doarpke Krewerd stiet it stokâlde oargel op in doksaal. Dochs is sa ’n ymposant bouwurk as yn de tsjerke fan Easterein tige spesjaal.

It doksaal

Oarspronklik is in doksaal in skieding tusken it koar en it skip fan de tsjerke. It koar is de hillige romte wêr ’t it alter stiet en wêr ’t de pryster de mis opdraacht. It skip is de romte..