Doksaal Easterein
Doksaal Easterein Jan Bos

In bysûnder doksaal

Achtergrond

In byld fan de skepping fan Eva út in ribbe, de bou fan de toer fan Babel, de berte yn de stâl fan Bethlehem, mar ek de moard op Amasa en noch ris fjirtjin oare Bibelferhalen binne hast al 500 jier te sjen yn in Fryske doarpstsjerke. Dizze bisûndere ôfbyldingen binne om 1550 hinne makke en se binne der noch altyd. En dat is grif krekt sa bisûnder.

troch Tonko Ufkes, oersetting Cor Hofstra 

Midden yn Easterein, in wat fergetten doarpke tichteby Boalsert, stiet in grutte midsiuwske tsjerke, de Martinitsjerke. En sawat yn ‘e midden fan dizze tsjerke stiet in tige grut doksaal; suver as in poart..