Oefenje fan lieten út “De gitaar by it boek” fen Fedde Schurer
zaterdag 31 oktober 2026 10:00 tot 12:00
Oefenje foar de sjongmiddei yn Ljouwert
De YKFE, dat is de Yntertsjerklike Kommisje foar it Frysk yn de Earetsjinst, hâldt op 15 novimber in sjongmiddei yn de Jacobinerstjerke fan Ljouwert. It is yn novimber 75 jier ferlyn dat Fedde Schurer yn Ljouwert foar de rjochter ferskine moast en feroardiele waard. Omdat hy neffens de rjochters harren misledige hie. It folk op it Saailân wie it der net mei iens en der kaam sa’n rebûlje fan dat de plysje de minsken útinoar kneppele: Kneppelfreed dus. Mei hjirom wurde der op 15 novimber foar it grutste part lieten songen út ‘De gitaar by it boek” fan Fedde Schurer. De YKFE freget om sjongers dy’t meidwaan wolle. Der binne 2 repetysjes op 24 en 31 oktober en de útfiering is dus op 15 novimber. Mear ynformaasje stiet op www.ykfe.frl. Opjaan kin fia info@ykfe.frl.