Fryske Fesper
Fryske Fesper Eigen illustratie

Fryske Fesperfiering

zondag 31 mei 2026 19:00 tot 20:00

Sneintejûn 31 maaie is der wer in Fryske fesperfiering yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert (Leeuwarden).

De foargonger is dûmny Piet Beintema fan Dokkum. Teake Posthuma sil de psalmlêzing op him nimme en in foardracht dwaan. De oargelist is Peter van de Zwaag en it Huzumer Kwartet sil wer mei en foar ús sjonge. It is in hiel wolkomme bijdrage yn de fiering.

Fia de webside fan de Grutte Tsjerke kin de fiering meifierd wurde: www.jacobijner.nl. Dat kin ek op in letter tiidstip.
Wa’t in bijdrage jaan wol foar de ekstra kosten fan dizze livestreams kin dat oermeitsje nei it rekkennûmer: NL29INGB 0004 3194 90 fan Stichting Krúspunt, mei fermelding fan: ‘Fryske Fesper’.

Eltsenien fan herten wolkom. Wy winskje mekoar wer in goede fiering ta.
It begjint om 19.00 oere.
De earstfolgjende fesper sil wêze 28 juny.

Locatie