Fryske Fesperfiering
zondag 28 juni 2026 19:00 tot 20:00
Sneintejûn 28 juny is der wer in Fryske fesperfiering yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert. De foargonger is dûmny Hinke Post-Knol. Sytske Eringa is de lektor. Peter van der Zwaag begeliedt de gemeentesang. DIskear is it in oargelfesper, dus hy sil it prachtige Mülleroargel wat faker klinke litte.
It is de lêste fesper fan dit maitiidseizoen. Wy binne der wer op 27 septimber. Wy slute dizze fiering of mei in bakje kofje of tee. Dat is in moai momint om mekoar te moetsjen en wat nei te praten mei de ien of oare. De fiering is te folgjen fia de webside fan de Grutte Tsjerke: www.jacobijner.nl . Wa’t in bijdrage jaan wol foar de ekstra kosten kin dat dwaan op rekkennûmer fan Krúspunt mff “Fryske Fesper” : NL29INGB 0004 3194 90
Eltsenien fan herten útnoege en wy winskeje mekaor in goede fiering ta
De earstfolgjende fiering is op 27 septomber