‘Davit schrieft een brief aan Joab’, II Samuel 11 (Frysk)
Achtergrond
In byld fan de skepping fan Eva út in ribbe, de bou fan Babels toer, de berte yn de stâl fan Betlehem, mar ek de moard op Amasa en noch fjirtjin oare bibelske ferhalen binne hast al fiifhûndert jier te sjen yn in Fryske doarpstsjerke. Dizze bisûndere bylden binne omtrint 1550 makke en se besteane noch altyd. En dat is faaks krekt sa bisûnder. De kommende tiid binne al dy achttjin bylden ek yn Geandewei te sjen, en dat is likegoed hiel bisûnder. Dit is it fyfde part, in byld oer II Samuël 11: 1-14.
troch Tonko Ufkes, oersetting Cor Hofstra
Ûnder elts byld op it doksaal fan Easterein stiet in koarte ferwizing en wurdt ferteld wêr `t yn ’e bibel stiet – op hokker haadstik en hokker fers it slacht. Dat is mar goed ek, want oars wiene it byld en ..