Amasa wordt verradelijk gedoodt door Ioab. II Sam: XX. Afbeelding op het doksaal van Easterein.
Amasa wordt verradelijk gedoodt door Ioab. II Sam: XX. Afbeelding op het doksaal van Easterein. Jan Bos

‘Amasa wordt verradelijk gedoodt door Joab’, 2 Samuel 20 (Frysk)

Achtergrond

In byld fan de skepping fan Eva út in ribbe, de bou fan Babels toer, de berte yn de stâl fan Betlehem, mar ek de moard op Amasa en noch fjirtjin oare bibelske ferhalen binne hast al fiifhûndert jier te sjen yn in Fryske doarpstsjerke. Dizze bisûndere bylden binne omtrint 1550 makke en se besteane noch altyd. En dat is faaks krekt sa bisûnder. De kommende tiid binne al dy achttjin bylden ek yn Geandewei te sjen, en dat is likegoed hiel bisûnder. Dit is it sânde part, in byld oer II Samuël 20: 1-22.

Neffens it opskrift ûnder it byld giet it om in ferhaal út ‘II Samuel 20’ en ek al giet it hjir om in skiednis dy ’t sawat ûnbekend is, we kenne it ferhaal faaks dochs wol werom. Om it yn grutte halen te sjen moatte wy werom nei de skiednis oer David..